Get Adobe Flash player

Wearom sjoelen?

Wearom wie sjoelen frûger sa populair? It antwurd is, omdot it in goeie bezighied is en gjin belûking hat oan geweld. It sjoelen is in rustig spul en kin hiel goed spiele  wurde mei it hiele gesin. It is moeilik, mar toch ek hiel leuk om de blokjes ien de júste goten te sjitten.

Algemiene ynformaasje

Sa't folle minsken miskien ol witte of net witte hat Kollumersweag ol rom 30 jier in sjoelferieniging dizze hiet " DE SCHUUR " (DE SKUORRE) en is begun effter cafe De Foarwei. Septimber 2009 hat de ferieniging har 30e jubileum Ferneamd.

Mei yngong fan it seizoen 2009-2010 waard er alline nog mar op tiisdei te jûn sjoelt ien De Trye Doarpen en de senioren begjinne altyd om 20.00 oere.

Sjoelferieniging "DE SCHUUR" hat ek in jeugd ofdieling dizze is elk ier goed fertsjinwurdigd.

Sjoelferieniging "DE SCHUUR" organisearet meastal ien febrewaarje in iepen sjoeltoernoai wert jong en âld wolkom is.

Oare ferienigingen organisearje ek iepentoernoaien wert iederien oan dielnimme kinne, de bern binne don fansels ek wolkom. It nije seizoen begjint altyd op de eerste tiisdei in septimber de jeugd begjint ek op de eerste tiisdei ien septimber, de jeugd begjint om 18.30 oere en om 20.00 oere is it oan de senioren om de underlinge striid wer oan te gean.

Minsken die it leuk lieket om hawwe sjoel keunsten ut te oefenje binne fan herte wolkom op tiisdei te jûn om 20.00 oere, de earste kear hoet men gjinn kontribùsje te beteljen. Dizze sport is ek tige geskikt foar minsken die't in bietje op leeftiid binne, it jongste jeugdlied is 6 ier en de âldste senior (folwoeksense) is 80 ier.